Noardlike gemeenten komme mei kampanje tsjin himpteelt

22 sep 2017 - 11:21

De gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân gean mei-inoar de striid oan tsjin himpteelt. Dat dogge se yn gearwurking mei de plysje, wenningkorporaasjes en enerzjybedriuw Liander. Yn in publykskampanje wurde ynwenners oproppen om goed op te letten oft der mooglik himpkwekerijen by har yn de buert sitte. De kampanje jout hjir omtinken oan, en ek oan de gefolgen dy't in himpkwekerij ha kin foar de omjouwing.

Meiwurkers fan de gemeenten en de wenningkorporaasjes wurde yn in spesjale himpkontener traind yn it werkennen fan kwekerijen. It himpteam fan de plysje Noard-Nederlân leit bygelyks út wêr't se op lette moatte en hoe't in himpkwekerij wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)