Plysje trappearret drankrider (28) yn Ljouwert

22 sep 2017 - 09:06

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitenacht oan de Nieuwe Buren in drankrider betrape. De 28-jierrige man út de stêd waard troch in agint oanhâlden foar in blaastest. It die bliken dat er tefolle dronken hie.

Tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke. De plysje hat him tongersdeitenacht ek in rydferbod foar seis oeren oplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)