Provinsje bout sparpot op foar mindere tiden

21 sep 2017 - 20:30

It provinsjebestjoer soarget foar fet op de bonken om in eventuele ekonomyske delgong yn de takomst oan te kinnen. Takom jier wurdt in stik minder jild út jûn as yn 2017. De begrutting sakket mei 90 miljoen euro oant 450 miljoen euro. It sparpotsje dat hjirtroch ûntstiet kin yn de takomst brûkt wurde foar it skeppen fan wurkgelegenheid.

Neffens deputearre Sander de Rouwe kin de ekonomy him op dit stuit wol rêde. En dan binne der minder útjeften fan de oerheid nedich. Wol wurdt de ferleging fan de opsinten struktureel makke. En dat betsjut minder belêsting foar de boarger. 

Troch de legere begrutting rinne de reserves yn 2019 op fan 20 miljoen oant mear as 100 miljoen euro. Dat jild kin brûkt wurde om projekten oan te pakken yn tiden dat it minder goed giet. Om hokker projekten it krekt giet is noch net bekend. Dat wurdt noch bestudearre. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)