Geheugenkoor: sjonge foar en mei minsken mei demintens

Piet en Koos, de begelieders fan it geheugenkoar
Mei in groep minsken ferskes fan eartiids sjonge. Dat is de bedoeling fan de meisjongmiddei fan it Geheugenkoor, dy't ien kear yn de moanne hâlden wurdt yn Ljouwert foar minsken mei Alzheimer. Ut ûndersyk docht bliken dat deminte minsken ferskes dy't se yn harren jeugd leard ha, noch muoiteleas meisjonge kinne.
De meisjongmiddei bestiet al fiif jier en hat trouwe dielnimmers, mar it ôfrûne jier binne ferskate dielnimmer ferstoarn. Anneke Koster, dy't yn de organisaasje sit, ropt dêrom op Wereld Alzheimer Dag nije minsken mei ynteresse op om mei te dwaan.
Wat hâldt de meisjongmiddei krekt yn?
"Minsken mei Alzheimer en harren partners, freonen, famylje of mantelsoargers binne fan herte útnûge om in middei mei-elkoar ferskes fan eartiids te sjongen. Under begelieding fan it akkordeonduo Piet en Koos wurdt in kar makke út in map mei in repertoire fan wol fyftich nûmers. Der wurdt songen, mar somtiden ek allinnich harke en yn alle gefallen genoaten!"
Foar wa is de meisjongmiddei?
"De middei stiet iepen foar minsken mei Alzheimer dy't noch thús wenje en ek foar dyjinge dy't al yn in tehûs wennet. Ek famyljeleden of freonen fan de Alzheimerpasjinten wurde útnûge om mei te dwaan, sadat it sjongen mei elkoar belibbe wurde kin!"
Hoe sjocht de middei der út?
"Wy begjinne altyd mei itselde ferske. Nei in healoere ha wy skoft mei kofje en tee. Dan sjonge wy noch in healoere en wy slute alle meisjongmiddeis ôf mei it ferske 'Que Sera, Sera'."
Hoefolle dielnimmers ha jim op it stuit?
"Meastal komme der tusken de tweintich en de tritich dielnimmers. Soms ek wolris mear. Mar om dit oantal te behâlden, soe it moai wêze as der wer nije minsken by komme."
Wannear is de meisjongmiddei?
"Kommende snein 24 septimber, fan 15.00 oere oant 16.30 oere yn Eeltje's Hiem oan de P. Sipmawei 11 yn Ljouwert."
Hoe kinne minsken har opjaan?
"Se hoege har net op te jaan. Se kinne gewoan komme. As guon mear ynformaasje hawwe wolle, kinne se belje mei Detty ten Dolle (06-45702618) of mei Anneke Koster (06-41455700)."
Mear ynformaasje oer ús programmearring op Wereld Alzheimer Dag is te finen op omropfryslan.nl/aksje.