Meiwurkers GrainPlastics Ljouwert riede aksjes ta

© www.grainplastics.nl
Meiwurkers fan keunststoffefabryk GrainPlastics yn Ljouwert sille aksje fiere foar in bettere cao. De ûnderhannelings mei de wurkjouwer binne fêstrûn. It einbod fan de direksje is unanym ôfwiisd troch de leden fan fakbûnen FNV en CNV. Der leit no in ultimatum fan de bûnen. Neffens de bûnen binne de leanen de lêste jierren ek te min omheech gien. De wurknimmers binne der yn keapkrêft flink op achterút gien.
Personielsregeling moatte better
De meiwurkers easkje dat personielsregelingen modernisearre wurde, dat alle meiwurkers yn de goeie leanskaal pleatst wurde en dat se in ienmalige kompensaasje krije foar it ynkommensferlies troch ynflaasje. Ek wolle se dat de direksje lean by sykte trochbetellet.
Ultimatum
Foar 27 septimber 12 oere wolle se dat de easken ynwillige wurde. Oars komt der in aksjegearkomste.
Neffens de bûnen kaam de direksje mei foarstellen dy't foar fermindering fan arbeidsbetingsten soargen en waarden beloften net wiermakke.