Saak tsjin fraudearjende Grouster útsteld

21 sep 2017 - 12:22

De saak tsjin de âld-direksjefoarsitter fan fersekerder de Noorderlinge is foarearst oanhâlden troch de Ljouwerter rjochtbank. De 40-jierrige haadrolspiler yn de saak, komt fan Grou en wurdt derfan fertochte dat er tusken 2011 en 2015 fan fersekerders Zevenwouden en de Noorderlinge mear as in heal miljoen euro stellen hat. De fraude kaam yn septimber 2015 oan it ljocht. De man waard fuortendaliks op non-aktyf set. De saak wurdt no earst oanhâlden om't de fertochte koart foar de sitting noch in advokaat ynhierd hat. Dizze moat him earst noch ynlêze yn de saak, fandêr dat de behanneling letter plakfynt.

Trefwurden: 
fraude Grou rjochtbank justysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)