Hûnderten belangstellenden by keunstbeurs Museum Belvédère

Op de iepeningsjûn fan de Keunstbeurs 'Art Noord' kamen woansdei hûnderten belangstellenden ôf. It is foar it earst dat Museum Belvédère op It Hearrenfean sa'n keunstbeurs organisearret. Oan de keunstbeurs dogge in oantal noardlike galeryen mei en in grut tal keunstners. It museum docht dit om kultureel ûndernimmerskip te toanen, seit direkteur Han Steenbruggen. Lykas bekend hat Museum Belvédère muoite om finansjeel de holle boppe wetter te hâlden. It museum krijt dit jier it earst subsydzje fan de gemeente Hearrenfean.
Fierders wurdt de keunstbeurs holden om de noardlike galeryen en keunstners in poadium te bieden en it keunstklimaat te stimulearjen. It museum en de galeryen hoopje dat net allinnich partikulieren har slach slaan op de beurs, mar ek dat bedriuwen en ynstellingen keunst oanskaffe.
De keunstbeurs 'Art Noord' yn Museum Belvédère duorret mar fjouwer dagen, dus oant en mei kommende snein 24 septimber.