Fryslân populêre fakânsjebestimming by studinten

21 sep 2017 - 10:04

De Waadeilannnen, Fryslân en Seelân binne dit jier populêr by Nederlânske studinten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it bedriuw VakantieDealz ûnder mear as 1.200 studinten. De lêste simmerperioade gie mear as 90 persint fan de studinten op fakânsje. It grutste part gie nei bûtenlân, nei lannen as Spanje, Frankryk, Italië en Grikelân. By de studinten dy't yn eigen lân bleaune, wiene dus Fryslân en de Waadeilannen populêr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)