Trainer De Wagt: ''Ik bin grutsk op de ploech''

20 sep 2017 - 22:54

ONS Snits hat de hûd woansdei djoer ferkocht yn de bekerwedstriid tsjin FC Twente. Der waard mei 3-1 ferlern fan de earedifyzjeploech en dat is in resultaat wêrmei't trainer Chris de Wagt libje kin. "Ik ha de ploech in komplimint jûn en bin grutsk op se. It is spitich dat de supporters ús net mei in applaus fan it fjild gean litten ha." De Snitsers kamen mei 3-0 efter, mar troch in fantastyske goal fan Curty Gonzales rêde ONS de eare.

"We hawwe it FC Twente best muoilik makke. It is allinne skande dat we sa gau mei 1-0 efter komme", fertelt De Wagt. De earste goal fan Twente kaam al nei in kertier fia Haris Vuckic. Yn de twadde helte wie it ferset brutsen neffens keeper Barry Ditewig. "Conditioneel zaten we stuk, er waren twee krampgevallen tegelijk. Maar dat is het verschil tusen de top van Nederland en de derde divisie."

Ditewig sjocht, lykas syn trainer, werom op in aardige pot fan de Snitsers. "We hebben er een wedstrijd van gemaakt. Ik denk dat het de beste wedstrijd is die we dit seizoen hebben gespeeld."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)