ONS Snits rêdt de eare tsjin better FC Twente: 1-3

20 sep 2017 - 21:39

ONS Snits hat woansdeitejûn yn eigen hûs de bekerwedstriid tsjin FC Twente ferlern. Op it Sudersportpark yn Snits waard it úteinlik 3-1 foar de Tukkers. Nettsjinsteande twa kânsen foar ONS yn de begjinfaze kaam Twente yn de fyftjinde minút op foarsprong troch in doelpunt fan Haris Vuckic. De gasten skoarden yn de earste helte noch ien kear. In goal fan Adnane Tighadouini betsjutte de 0-2 nei 36 minuten spyljen.

Yn de twadde helte foel al gau it tredde doelpunt fan FC Twente, op namme fan Michael Liendl. Yn de 63e minút rêde de thúsploech de eare. Mei in geweldich skot fan Curty Gonzalez waard it 1-3. Yn dy stân kaam úteinlik gjin feroaring mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)