SC Hearrenfean sleept bekerwinst foar de helsdoarren wei

20 sep 2017 - 21:34

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn yn de earste ronde fan de KNVB beker mei 2-1 wûn fan Excelsior. De ploech fan trainer Jurgen Streppel wie yn it Van Donge & De Roo Stadion, lykas it ôfrûne wykein, te sterk foar de Rotterdammers. Al yn de achtste minút kaam Hearrenfean troch in geweldige treffer fan Arber Zeneli op foarsprong. Mei in kertier op 'e klok stienen de Feansters al mei 2-0 foar. Wer wie it Zeneli dy't de bal efter keeper Kristinsson skeat. Mei de twa betide goals gie Hearrenfean dan ek it skoft yn. Excelsior wie yn de earste helte eins nea tichteby in doelpunt.

Twa strafskoppen

Nei rêst like it yn de 63e minút dochs noch in drege pot te wurden foar SC Hearrenfean. Nei in handsbal fan Dumfries krige Excelsior in penalty, mar El Azzouzi telefonearre de bal yn de linkerhoeke, dêr't keeper Van der Steen klearstie. Noch gjin tsien minuten letter lei de bal noch in kear op 'e stip. Doe skeat Van Duinen de penalty foar Excelsior wol binnen. Mei de oanslutingstreffer waard it yn de slotfaze noch tige spannend. Excelsior kaam der noch in pear kear gefaarlik út, mar nei trije minuten blessueretiid bleau de oerwinning yn hannen fan de Feansters.

Opstelling SC Hearrenfean: Van der Steen, Dumfries, Hoegh, Naess, Woudenberg, Odegaard, Kobayashi, Thorsby, Rojas, Veerman, Zeneli.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)