Soargen oer it tal betelbere hierwenten yn Ljouwert

Trije hierdersferieningen yn Ljouwert meitsje harren soargen oer it tal betelbere hierwenten yn de gemeente. Woansdei presintearren de trije organisaasjes in ferkiezingsmanifest. Dêryn wolle se dúdlik meitsje oan de politike partijen yn de gemeente wat der spilet ûnder de hierders. De priis fan de hier is it grutste knyppunt neffens Frank van den Broek fan de Bewonersraad, ien fan de hierdersferieningen. "Woningcorporaties en gemeenten willen verduurzamen en vergroenen. De kwaliteit van woningen moet sterk vooruit en dat kost geld. De enige manier om dat rendabel te maken, is de huur verhogen."
Doelgroep wurdt fergetten
Mar neffens Van den Broek ferjitte se dêrby de doelgroep: nammentlik de minsken dy't wenje yn de sosjale hierwenten en net in soad jild hawwe. Troch de hegere hieren hawwe bewenners in tekoart oan jild. "Ze hebben dan onvoldoende geld voor levensbehoeften en dat leidt tot sociale drama's, zoals schulden en uitzettingen", fertelt Van den Broek.
Hast gjin politisy
It ferkiezingsmanifest is bedoeld foar de politike partijen dy't meidogge oan de gemeenteriedsferkiezingen fan Ljouwert. In soad politisy kamen der allinne net op ôf, want der wienen allinne fertsjintwurdigers fan de PvdA en de FNP. "Dat is teleurstellend", seit Van den Broek.
De trije hierdersferieningen dy't it ferkiezingsmanifest opsteld hawwe, binne P.E.L (Platform Eén- en tweepersoonshuishoudens Leeuwarden), de Bewonersraad en Nieuw Elan.