Folkshegeskoalle Schylgeralân fernield troch wjerlocht

20 sep 2017 - 13:47

De Folkshegeskoalle Schylgeralân yn de bosk by Hoarne op Skylge hat mooglik wol tsientûzenen euro's skea, omdat de wjerljocht ynslein is. Dat barde yn de nacht fan snein op moandei. Direkteur Amarins Geveke ûntduts pas yn de dagen dêrnei wat der allegear fernield is. Yn de ferskate gebouwen is de hiele ynternetfoarsjenning stikken. Ek de kompjûters fan it aginda- en planningssysteem binne troffen.

Dêrtroch is net mear te efterheljen wat foar gasten en groepen as der in ferbliuw boekt hawwe. Ekstra komplikaasje dêrby is dat ek de telefoansintrale fernield is. Fierder is ek in auto troffen, dy't op it terrein stie. Dy is total loss ferklearre. Geveke hopet dat de skea by de Folkshegeskoalle betelle wurdt troch de fersekering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)