Kariljon stedhûs Ljouwert wurdt yn 2018 wer bespile

Ljouwert krijt yn 2018 wer in beierdier. Op inisjatyf fan it Sint Anthony Gasthuis sil it kariljon op it stedhûs wer alle wiken bespile wurde, yn it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd is. Oant 2010 barde dit al, mar dêrnei is it ophâlden. Takom wike freed is der in seleksjedei. Fjouwer kandidaat-beierdiers meie it kariljon wer bespylje as de freedsmerk oan de gong is. Twa ferneamde beierdiers en it bestjoer fan it Sint Anthony Gasthuis sitte yn de sjuery en moatte de nije stedsbeierdier kieze. De nammen fan de fjouwer kandidaten bliuwe geheim. It is de bedoeling dat it kariljon yn 2018 op freeds en op feestdagen bespile wurde sil.