Stel út Ferwert jaget fermogen fan mem der troch: selstraf

In 51-jierrige frou út Ferwert is tiisdei feroardiele ta acht moanne sel, de helte dêrfan is ûnder betingst. Se hat tegearre mei har 50-jierrige partner yn 2015 it komplete fermogen fan har 77-jierrige mem der trochhinne jage. It gie om de opbringst fan de ferkeap fan har hûs, sa'n 140.000 euro. De man wie al earder feroardiele foar oplichting, hy moat seis moanne de sel yn en seis moanne ûnder betingst.
De fertochten bewearden dat de mem it goed fûn dat se it jild brûkt hiene. De kantonrjochter bepaalde dat se alles werombetelje moatte. Boppedat foarderet de gemeente de folsleine útkearing fan it stel yn, dat giet om 50.000 euro. Justysje hat dêrneist beslach lein op de measte besittingen fan it duo.