Tsjûgen socht fan mishanneling oan Ljouwerter Foarstreek

19 sep 2017 - 19:49

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in swiere mishanneling. Dat barde ôfrûne sneontejûn om ûngefear tsien oere op de Foarstreek. Der wiene meardere minsken belutsen by it ynsidint. De plysje hat fuortendaliks ien persoan oanhâlden. It slachtoffer fan de mishanneling rekke behoarlik ferwûne. Foar it ûndersyk ropt de plysje minsken dy't wat sjoen of heard hawwe, op om harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)