Teäter fan Snits meast gastfrije teater fan it lân?

Teater Snits © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It teäter fan Snits is nominearre foar de priis fan meast gastfrije teäter fan Nederlân. Se dogge mei noch tsien teäters mei yn de kategory middelgrutte gemeenten. Der binne mei-elkoar fjouwer kategoryen en yn elke kategory wurde trije prizen útrikt. Fan de fjouwer earste-priis-winners wurdt úteinlik ien winner oanwiisd, dy't de titel meast gastfrij teäter fan Nederlân krijt.
De teäters wurde beoardiele op berikberheid, hoareka, priisnivo, sfear en útstrieling, sitkomfort, sicht op it poadium en it oanbod fan foarstellings. It teäter fan Snits moat it ûnder oare opnimme tsjin teäters út Barendrecht, Brielle en Noordwijk. De ferkiezing wurdt organisearre troch de ANWB.