Wurkstraf foar Winamer foar feroarsaakjen ferkearsûngelok

19 sep 2017 - 17:28

In ynwenner fan Winaam moat tachtich oeren ferplichte oan it wurk, as straf foar in ferkearsûngelok dat hy op 25 april ferline jier feroarsake hat. Dat ûngelok barde op de Getswerderdyk by Frjentsjer. De man út Winaam helle in sjofel mei oanhinger yn, mar botse doe op in tsjinlizzer. De rjochtbank fynt dat de man hiel ûnfoarsichtich west hat, troch op dat plak yn te heljen. De ynsittenden fan de oare auto wienen in mem en har dochter. Sy rekken beide licht ferwûne.

De mem koe in skoftsje har wurk net dwaan, de dochter hie har earm sân wiken yn it gips omdat 'er brutsen wie. De rjochtbank fûn it wol posityf dat de man út Winaam sels kontakt opnaam hat mei de slachtoffers en ek letter noch op besite gongen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)