Feilichheidsregio Fryslân nominearre foar lanlike priis

Feilichheidsregio Fryslân
De Feilichheidsregio Fryslân is nominearre foar de titel 'bêste oerheidsorganisaasje fan 2017'. Se binne ien fan de tsien ynstânsjes dy't noch yn de race binne. Se moatte it ûnder oare opnimme tsjin Steatsboskbehear, de gemeente Waddinxveen en it CJIB.
De ferkiezing wurdt organisearre troch de Vereniging voor Overheidsmanagement. Se sykje organisaasjes dy't komme mei fernijende oplossingen en dy't goed prestearje. De sjuery moat no komme ta in top 3. Op 20 novimber wurdt yn de Ridderseal yn Den Haag de winner bekendmakke.