FIDEO: Hast 250 doazen sammele foar Sint Maarten

19 sep 2017 - 16:53

Tiisdei wie de lêste dei fan de Ljouwerter ynsammelaksje foar Sint Maarten en it resultaat mei der wêze. Hast 250 doazen fol mei iten, klean en fersoargingsmiddels gean nije wike op de boat nei it Karibyske eilân.

Der wienen plannen om troch te gean mei de aksje oant ein septimber, mar de need is sa heech dat de inisjatyfnimmers it guod sa gau mooglik ferstjoere wolle. De tocht oer de oseaan sil in lytse twa wiken duorje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)