Partner ombrochte frou wurdt beskôge as fertochte

De bewenster fan de Jan Reitsmastrjitte is troch in misdriuw om it libben kaam © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De plysje beskôget de 30-jierrige partner fan de frou dy't ferline wike tiisdei dea fûn waard yn in hús yn Frjentsjer, as fertochte. De man is sûnt dy dei ferdwûn. De plysje siket noch hieltyd nei him. Der is in nasjonaal en in ynternasjonaal opspoaringsfersyk útgien. Moandei makke de plysje bekend dat de frou troch in misdriuw om it libben kaam is. Hoe't dat bard is, wurdt net bekend makke salang't it ûndersyk rint.
De 30-jierrige man is lang en slank en hat blond hier. De plysje hat famyljeresjersjeurs ynset om de neibesteanden fan it slachtoffer by te stean. Der is noch altyd ferlet fan ynformaasje. Minsken dy't mear oer de saak witte, moatte dat melde. De plysje hat dêrfoar in driuwende oprop dien.
De plysje hat tiisdei oan it begjin fan 'e middei socht yn it wetter by de Severander yn Frjentsjer. Der wie in melding kaam dat op dat plak wat yn it wetter driuwe soe. Der waard lykwols allinnich driuwend ôffal fûn. De plysje lit witte ekstra wach te wêzen yn ferbân mei de fermiste 30-jierrige man.