At the Watergate: in grutte kâns foar it muzykûnderwiis
At the Watergate as it begjin fan in nije takomst yn de muzyk. Yn de kelder fan it Atrium yn Snits rinne de oefenromten fol. Der binne der leafst fjouwer. Yn twa stean drumstellen te wachtsjen. In lyts jonkje mei in moaie kúf hat de stokjes al yn de hân. Hy kin net wachtsje op syn earste les.
Troch Hayo Bootsma
It is krekt dit byld dat muzykdosint Kees Romers bliid makket. Bern mei in passy foar muzyk. Hy is sels jazzmuzikant en jout al jierren les. De kommende moannen is hy dwaande om syn learlingen klear te stomen foar it festival At the Watergate. Dat is de namme fan it European Youth Music festival 2018. In grut ynternasjonaal muzykkonkoers dat yn maaie yn Snits organisearre wurdt. It is ûnderdiel fan Ljouwert Fryslân 2018, kulturele haadstêd. Op it lêste momint is it yn it bidbook set, ta grut entûsjasme fan de organisaasje fan LF2018. Sântûzen jongeren út hiel Europa komme nei de Súdwesthoeke om dêr in wykein lang yn tal fan doarpen de pannen fan it dak te spyljen. Yn Snits binne se al drok dwaande mei de tariedingen. Mei de logistike kant, bygelyks it ûnderdak regeljen, mar ek om nije muzikanten út de eigen regio klear te stomen om mei te spyljen op ien fan dy tsientallen poadia dy’t op de dagen om Himelfeartsdei hinne, fan 8 oant en mei 11 maaie, yn tal fan doarpen en stêden yn Súdwest-Fryslân opboud wurde.
Ek yn de oefenromte fan Kees Romers is it in drokte fan belang op woansdeitemiddei. Jonkjes fan in jier as tsien pakke de ynstruminten út de tas en meitsje har op foar de les. Se hearre by ien fan de bands dy’t optrede sille op At the Watergate. De jonges diele in grutte passy foar muzyk. Saksofonist Eise is dúdlik: “Ik vind het fantastisch. Muziek maken is gewoon superleuk.” Hy ferwurdet wat de oare bandleden tinke. Se kinne net sûnder muzyk, sûnder mooglikheid om te spyljen. It rekket Kees Romers dúdlik. As hy praat oer de muzikanten, nimt de emoasje ta. “Ik heb twee meiden acht jaar lang mogen begeleiden. Nu zijn ze uitgevlogen en zitten ze in de vooropleiding van het conservatorium in Amsterdam. Beter kan eigenlijk niet, het is de top van Nederland.” Kwyt is hy de froulju net. Se spylje noch mei yn de band Soundboxx, dy’t hy ek begeliedt yn oanrin nei At the Watergate.
Muzykedukaasje
It festival begjint stadichoan te libjen. De organisaasje efter de skermen nimt hieltyd mear tiid. Regelje mar ris foar sântûzen minsken ûnderdak en iten. Mar it slagget, wit direkteur Lieuwe Toren fan it Kunstencentrum yn Snits. Hy hâldt him dwaande mei dy organisaasje. Toren sjocht it festival as in grutte kâns. “Dit is it momint om de muzykedukaasje ûnder de oandacht te bringen”, seit er. De organisaasje set dan ek fol yn op it basisûnderwiis. Bern wurde dêr útnûge om muzyk te meitsjen. Dat bart neffens Toren no te min: “Bern harkje no nei muzyk. Dat moat oars. Se moatte it meitsje. Dan kinne we muzikanten kweke.” En dat bart op it stuit. Muzykdosinten jouwe les yn de klasse en besykje bern entûsjast te meitsjen.
It klinkt Kees Romers as muzyk yn de earen: “Het muziekonderwijs heeft die impuls nodig. Je ziet dat het festival daar nu al voor zorgt. Het inspireert kinderen en geeft een enorme boost aan de deelnemers.” Romers fynt ek dat it yn it ûnderwiis oars moat. ”Het traditionele muziekonderwijs staat gewoon onder druk. De impuls van de organisatie van dit European Youth Festival is echt nodig om de toekomst te verzekeren. Want muziek maken is goed voor de ontwikkeling van de kinderen en het betekent ook emotioneel veel voor de makers.” Syn hope is dan ek dat de ynvestearringen dy’t no dien wurde yn de muzyk, trochset wurde. Dat der wer oars sjoen wurdt nei muzykûnderwiis en dat der mear fan yn de praktyk brocht wurdt. Ljouwert Fryslân 2018 en At the Watergate helpe dêr goed by. “De jeugd kijkt naar elkaar en begint te leren. Want ze willen beter zijn. Zo’n festival brengt het beste in de muzikanten naar boven.”
Wille yn it spyljen
Yn de oefenromte ûnderyn it keunstsintrum is dat al dúdlik te hearren. De jamsesje fan Soundboxx sa flak foar de echte repetysje is al in feest foar it ear en it each. Je kinne sjen dat de muzikanten wille hawwe, as se oan it spyljen binne. Dat spat oan alle kanten fan harren gesichten ôf. Op de eftergrûn sjocht Kees Romers ta. Se wurde better as hy sels liket te tinken. Mar der sit ek berêsting yn him. Want syn doel mei har is berikt. No wachtet de folgjende generaasje. De generaasje dy’t no noch op de basisskoalle sit en meinaam wurde moat yn it entûsjasme fan de minsken dy’t no spylje. Dy’t aanst strielje moatte, op de talleaze poadia yn de Súdwesthoeke by At the Watergate.
Meike Brandt fan Wikel bygelyks, sy wol dêr strielje. Se sit noch mar krekt by Soundboxx. Meike sjocht in takomst yn de muzyk. Dêr leit har passy, dêr kin se har gefoel goed kwyt. “As ik dermei trouwe koe, dan hie ik dat fuortendaliks dien.” At the Watergate is foar har wer in oantekening yn it muzykboekje yn har holle. “It wurdt hiel grut,” seit se. “It is in nije ûnderfining dêr’t je better fan wurde. It kin my net gau genôch komme.” De leafde dy’t se foar har profesje hat, dy passy, hopet se mei Soundboxx út te strieljen nei har publyk yn maaie. It jonkje dat sit te wachtsjen op syn earste drumles, wit wat syn takomst is: ”Beter worden dan Cesar Zuiderwijk! Dat is de held van m’n moeder.” Hy rint fuort en de doar giet ticht. En ek al is it noch mar syn earste les, troch de doar hinne kinne je hearre dat hy der fol foar giet!