Ljouwerter steltsje oanhâlden

© ANP
De plysje hat moandei yn Ljouwert in 16-jierrige jonge út de stêd en syn 16-jierrige freondinne oppakt. In plysjeman seach de jonge oan de ein fan de middei fytsen en woe him oanhâlde omdat er socht waard foar in eardere bedriging.
De jonge naaide út en de plysje sette al dravend de efterfolging yn. Efkes letter waard de jonge pakt. Doe't de plysjeman mei de fertochte werom kaam by de ûnopfallende plysjewein, seach er dat de auto bekrast wie. It die bliken dat de freondinne fan de fertochte dêr ferantwurdlik foar wie. Se wie it net iens mei de oanhâlding fan har freontsje. Beide sitte fêst foar fierder ûndersyk.