Beloften Cambuur spylje gelyk yn doelpuntryk bekerduel

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC Cambuur hawwe moandeitejûn lykspile yn it bekerduel mei Jong Willem II. It waard 3-3 yn Tilburg, nei in rêststân fan 2-1 yn it foardiel fan SC Cambuur. Cambuur kaam healwei de earste helte op achterstân, mar troch in eigen doelpunt waard it 1-1. Osama Ben Kaddour sette Cambuur krekt foar it skoft op in 2-1 foarsprong. Willem II luts yn de twadde helte de stân gelyk, mar Cambuur kaam krekt foar tiid op 3-2 troch in goal fan Danny van Haaren. Yn blessueretiid makke Willem II lykwols de lykmakker: 3-3.
De bekerwedstriid fan Jong SC Hearrenfean tsjin Jong RKC Waalwijk gie net troch. De wedstriid wurdt ynhelle op 3 oktober.