Wetteroerlêst yn Boalsert: parkeargaraazje en tunen ûnderrûn

18 sep 2017 - 21:17

De brânwacht moast moandei yn aksje komme foar wetteroerlêst yn Boalsert. By in ûnbidich fûle bui foel der yn koarte tiid safolle reinwetter dat ûnder oare de parkeargaraazje en de kelder fan soarchynstelling 't Heechhout ûnder wetter kamen te stean. Dêr stiet op in stuit 30 sintemeter wetter yn. Strjitten en tunen kamen ek splis te stean, omdat  de rioelen it himelwetter net oan koene. De brânwacht fan Wytmarsum hat it wetter fuortpompt.

Trefwurden: 
wetteroerlêst Boalsert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)