Sport Fryslân set kantoarminsken oan it gymnastykjen

Yn trije kantoaren op It Hearrenfean is moandeitemiddei in fitbreak organisearre troch Sport Fryslan. In fitbreak is in djoer wurd foar in healoerke gymnastyk. Op moandeis yn septimber en oktober dogge meiwurkers fan de kantoaren fan de Rabobank, Priore en Elkien dêr yn it middeisskoft oan mei.
Under lieding fan in spesjale coach binne sy dan yn beweging, mar net mei in "hege yntinsiteit", sa't Sport Fryslân it omskriuwt. It is wol de bedoeling dat de fitbreak ek trochgiet as it waar minder is. It gruttere doel is om mear Friezen oan it bewegen te krijen. Hast ien op de trije ynwenners fan Fryslân beweecht te min neffens Sport Fryslân.