Rykswettersteat: der is genôch struisâlt

Rykswettersteat is moandei op De Jouwer begûn mei de ynspeksje fan de struiweinen foar de ryksdiken. Yn Fryslân binne trije stipepunten mei sâlt en apparatuer. Njonken De Jouwer binne dat Drachten en Harns. De ynspeksje dêrfan is de kommende dagen. Op 1 oktober moat alles klear wêze sadat de auto's nei in telefoantsje binnen twa oeren útride kinne.
Rykswettersteat fersoarget it berydber hâlden fan de grutte ryksdiken. Dêrfoar is lanlik 200 miljoen kilo sâlt ynslein. Neffens wurdfierder Jan Rients Slippens is dat mear as genôch. Yn de strangste winters oant no ta is noch nea mear sâlt útriden as 160 miljoen kilo.