Rianne de Vries knapt aardich op fan brutsen ankel

18 sep 2017 - 16:03

Rianne de Vries knapt aardich op fan har brutsen ankel. De shorttrackster út Akkrum bruts njoggen wiken lyn har ankel, mar neffens De Vries binne de dokters sels ferbaasd: "Se binne hieltyd hiel posityf. Ik ha gjin lêst fan swelling. Normaal moat ik bepaalde saken net kinne, mar dy kin ik no al wol. Ik ha sels al wer op it iis stien." Rianne moat de earste twa wrâldbekers yn Boedapest en Dordrecht gean litte, mar miskien docht se by de wrâldbeker yn Shanghai en Gangneung wol wer mei.

Kick-off shorttrackseizoen

Folgjende wike begjint it seizoen mei in wrâldbeker yn Boedapest. Foar de Spelen binne der fjouwer wrâldbekers. Fan dy fjouwer wurdt in klassemint makke. It minste resultaat kinst weistreekje. De bêste acht lannen (ynklusyf gastlân Súd-Koreä) pleatse har foar de Spelen en meie dan fiif shorttrackers en fiif shorttracksters nei de Spelen stjoere. Breeuwsma: "Gewoanwei hearre wy dêrby, mar it moast fansels noch wol efkes." Per ôfstân mei Nederlân dan trije shorttrackers ride litte.

Brunsmann talint fan it jier

Jasper Brunsmann fan Toppenhuzen waard útroppen ta talint fan it jier. De 18-jierrige shorttracker waard ferline seizoen njoggende op it wrâldkampioenskip junioaren.

Knegt syn blessuere falt mei

Sjinkie Knegt hie wat lêst fan syn knibbel, mar hy is no wer hielendal better. "It wie wat blau, mar ik bin no wer 100%. Gjin soargen." Ek Breeuwsma hat wolris lêst fan syn knibbel hân: "Mar dat is oer. Ferline wike ha ik in ynjeksje hân yn myn knibbel en no is it klear."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)