KNVB helpt Blauw Wit '34 by problemen mei fjilden

Keunstgers
De KNVB is op 'e hichte fan fertraging by de oanlis fan twa nije keunstgersfjilden op sportkompleks Wiarda yn Ljouwert. Fuotbalferiening Blauw Wit '34 sit mei de hannen yn it hier no't der de kommende wiken folle minder fjilden beskikber binne.
"Wij kennen de situatie bij C.V.V. Blauw Wit '34 en hebben goed contact met de club. Ze zijn druk bezig oplossingen te bedenken en we proberen ze hierbij zo goed als mogelijk bij te helpen," seit wurdfierder Bram de Groot fan de KNVB.
Ien fan de oplossings soe wêze om de wedstriden dy't de kommende wiken by Blauw Wit op it programma stean by de útklup spylje te litten. "Dit gaat dan in overleg met de club tegen wie ze in actie moeten komen en volgens de regelgeving mag dit ook."