Stappers yn Ljouwerter binnenstêd kontrolearre op messen

© Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter binnenstêd hat de plysje sneontenacht in grutte previntive kontrôle hâlden. De aginten kontrolearren stappers bygelyks op it besit messen. Yn totaal hat de plysje goed twahûndert persoanen fûilleare. Ek waarden 23 auto's kontrolearre.
Oan de ein fan de nacht hie de plysje sân messen yn beslach nommen, en ien brekizer. De belutsen persoanen hawwe proses-ferbaal krigen.