Boalserter boatdieven oanhâlden yn Noard-Hollân

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De plysje yn Noard-Hollân hat sneontemoarn yn Langedijk twa Boalserters oanhâlden foar it stellen fan in boat. De rjochtmjittige eigener fan it skipke soe moarns op syn boat stappe, doe't bliken die dat dy der net mear lei. De eigener stapte dêrop yn syn auto, en ried by it kanaal del. Dêr kaam hy op in gegeven stuit syn boat tsjin, mei de dief dêrop.
Yntusken wie ek de plysje op de hichte fan de stellerij. De Boalserter besocht swimmend út te naaien, mar waard al gau troch in agint oanhâlden. De twadde fertochte, dy't by in boattrailer stie te wachtsjen, waard ek ynrekkene. De Boalserters binne troch de plysje oerbrocht nei it plysjeburo fan Alkmaar.