Kingma-en-dy winne yn Ljouwert, Van der Bos en Steenstra lyk

16 sep 2017 - 18:50

Enno Kingma, Renze Hiemstra en Sjoerd de Jong hawwe sneon de lêste keatspartij fan it jier op harren namme skreaun. Yn de finale fan de Aldehoupartij wie it trijetal te sterk foar Jelle Attema, Dylan Drent en Erwin Zijlstra: 5-2 en 6-6. De lytse preemjes wienen foar it partoer fan Menno van Zwieten, Alle Jan Anema en Tjisse Steenstra en it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Laas Pieter van Straten.

Einklassemint

By it einklassemint wie der sprake fan in unike situaasje: Gert-Anne van der Bos en Tjisse Steenstra einigen beide op 52 punten. De twa hienen likefolle earste, twadde en tredde prizen, wêrtroch't se beiden it einklassemint wûnen.

Lêste partij

Foar Alle Jan Anema wie it boppedat de alderlêste partij dy't er keatste. Anema makke earder al bekend dat er ophâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)