Ljouwerter fuotbalklup Blau Wyt kin trije fjilden net brûke

Fuotbalklup Blau Wyt '34 yn Ljouwert kin oant ein dizze moanne trije fuotbalfjilden net brûke. De oanlis fan twa nije keunstgersfjilden rint fertraging op en omdat de leveransiers fan it keunstgers ien fan de gewoane fjilden brûke foar materiaalopslach, kinne de fuotballers de trije fjilden net brûke.
Dat betsjut dat in grut part fan de kompetysjewedstriden dy't it kommend wykein op it programma stienen, net spile wurde kinne. De fuotballers kinne ek minder traine. It bestjoer fan de klup easket dat de nije fjilden yn oktober klear binne, mar omdat it wurk ôfhinklik is fan it waar, is it net dúdlik oft dy deadline wol helle wurdt.
Blau Wyt spilet en traint op sportkompleks Wiarda, en dielt dat mei fuotbalklup FVC. Der binne yn totaal seis fuotbalfjilden, no noch trije mei natuergers en trije mei keunstgers.