"MCL moat gearwurkje mei Grinzer sikehûzen"

"It MCL yn Ljouwert en de Grinzer sikehûzen UMCG en Martini moatte gearwurkje, oars ferlieze we hjir de slach", stelt bestjoersfoarsitter Hans Feenstra fan it Martini-sikehûs. Der is in tendins dat hieltyd mear operaasjes konsintrearre wurde yn trije of fjouwer sintra yn it lân en dy set troch, ferwachtet Feenstra.
De trije sikehûzen bin elk te lyts om yn de breedte op topnivo mei te kommen, mar mei bondele krêften moat dat wol slagje, tinkt Feenstra. Hy ferwachtet dat as dy gearwurking der net komt, pasjinten foar bygelyks prostaat- of mage-sloktermoperaasjes nei Amsterdam, Rotterdam, Utrecht of Nijmegen moatte.
Hans Feenstra wie fan 1999 oant 2009 bestjoersfoarsitter fan soarchfersekerder De Friesland en wennet yn Aldehaske. Yn Buro de Vries is snein om 11.00 oere in wiidweidich petear mei him te hearren.