Iepenloftswimbaden ha minne simmerfakânsje achter de rêch

It wetter kaam dizze simmer mei bakken út de loft en dat ha de Fryske iepenloftswimbaden bot fernaam. Besikers lieten de iepenloftbaden foaral yn de simmerfakânsje sjitte, sa docht bliken út in rûntsje by in tal baden del.
Swimbad De Klomp yn Wommels hie yn 2016 sa'n 30.000 besikers, no bleau de teller stean op goed 26.000. "De moannen juny en maaie wiene echt top, mar de simmerfakânsje wie in drama". Snein gie it bad ticht en dat is earder as ferline jier.
Swimbad Wettervlecke yn Surhústerfean bliuwt noch ien dei iepen: "Langer iepen hat net sa'n nut, mei it minne waar dat der ek noch oankomt."
"Oant de simmerfakânsje gie it geweldich", sa seit in wurdfierder fan swimbad Dúndelle yn Bakkefean. "Mar it waar hat ús sitte litten yn de simmerfakânsje. "Wie hiene no yn de hiele fakânsje sa'n 6000 besikers, ûngefear 1000 yn 'e wike. Ferline jier hiene wy op ien goede simmerske dei wol 1000 badgasten!"
René van Noord fan It Gryn yn Stiens seit dat sy 3000 besikers minder lutsen ha. Van Noord wie ek belutsen by de Blauwe Golf en dat oerdekte swimbad seach it tal besikers wol groeie. Der kamen 2500 mear minsken as it simmerseizoen dêrfoar.
Jantine Kuiken fan swimbad De Sawn Stjerren út Hallum is wol posityf. Sy ha in goed seizoen draaid mei sa'n 32.000 besikers. Neffens Kuiken komt dat trochdat minsken, jong en âld, altyd it swimbad witte te finen. "Op in reinige dei binne we ticht en dat witte de minsken. En as it better waar is, is it swimbad langer iepen en wurkje we langer troch."