Ynsammelingsaksje yn Snits foar Sint Maarten

Yn wyksintrum De Spil yn Snits kinne minsken guod bringe foar de slachtoffers fan Sint Maarten. Der is benammen ferlet fan iten, drinken en waskmiddel. De aksje yn Snits is ûnderdiel fan de lanlike aksje 'Make Sint Maarten Great Again'. Edzon Warela kaam mei it idee om yn Snits dizze aksje te hâlden foar it eilân dat slim troffen is troch orkaan Irma.
Minsken kinne guod oanleverje yn it skoalgebou oan de Molekrite 169 yn Snits. It ynsammelingspunt is op sneons iepen fan 14.00 oant 18.00 oere en moandeis oant en mei freeds tusken 10.00 en 16.00 oere.