Aris ferliest mei ien punt ferskil fan ETB Essen

Aris © Omrop Fryslân
Basketbalklup Aris hat de oefenwedstriid tsjin it Dútske ETB Essen ferlern. De basketballers út Ljouwert koene de rêststân fan 33-26 net ombûgje en giene úteinlik mei 68-67 ûnderút.
De oefenwedstriid tsjin ETB Essene makket ûnderdiel út fan de tarieding op it nije basketbalseizoen dat begjin oktober úteinset. Sneon spilet Aris tsjin Paderborn.