Dokuminten mei medyske gegevens learlingen ferneatige

© ANP
Foarsitter Jan Poepjes fan it Ouderenplatform Leerlingenvervoer De Fryske Marren, wethâlder Frans Veltman en Taksy Witteveen ha meiïnoar de dokuminten mei persoansgegevens ferneatige dy't Poepjes earder yn syn besit krigen hie. Taksy Witteveen drige mei oanjefte by de plysje, omdat Poepjes de gegevens fan kliïnten 'ûnrjochtmjittich' yn syn besit krigen hie.
De foarsitter fan it âldereinplatfoarm bestriidt dat: hy hie de gegevens fan in taksysjauffeur fan Witteveen krigen. De gemeente De Fryske Marren hie earder gegevens fan bern oan it taksybedriuw jûn, mar hie dêr tastimming fan de âlden foar freegje moatten. Yn in mail hat taksybedriuw Witteveen sein dat it alle dokuminten fuorthelje en ferneatigje soe.

Ekskús

De gemeente hat ekskús makke foar de flater. No't de papieren fan Poepjes dochs troch de papierfersnipperer gien binne, docht Witteveen gjin oanjefte mear. De gemeente De Fryske Marren lit troch in ekstern buro neisykje oft no alle fertroulike dokuminten ferneatige binne.