UPDATE: Twa fertochten sjitynsidint yn Damwâld oppakt

Foar de sjitpartij yn Damwâld oan de Mûnewei wêrby't in 68-jierrige man út Damwâld earnstich ferwûne rekke, binne twa fertochten oppakt. Ien fan de twa, in 57-jierrige man, siet yn in hûs oan de Ds. Germswei en wurdt fertocht fan it sjitynsidint. De twadde man is oppakt om't er net meiwurkje woe oan it ûndersyk. De strjitte wie ûnder de ynrekkenaksje hielendal ôfsletten. De situaasje is no ûnder kontrôle.
Wurdfierder fan de Plysje Fryslân Pyter de Roos: ''It slachtoffer koe sels nei de húsdokter tsjinoer it plak fan sjitten tarinne. Dêr is de man mei help fan it oanwêzige ambulânsepersoniel behannele, wêr nei't er nei it sikehûs brocht is. De plysje is no dwaande de spoaren feilich te stellen. Wy roppe tsjûgen op harren te melden fia 0900-8844."
Oanwêzige tsjûgen sizze dat it mooglik om in skeel yn de relaasjesfear giet.