FIDEO: Sportklups en de syktocht nei frijwilligers

Yn de wike fan de sportferiening, in inisjatyf fan Sport Fryslân, sjogge we alle dagen by in Fryske sportferiening. Dizze lêste fan de rige giet oer frijwilligers. Sportklups kinne net altyd oan genôch frijwilligers komme en dat soarget foar problemen. In soad minsken wolle net te soad ferplichtingen mear wêrtroch't der bygelyks net genôch trainers of skjinmakkers binne.
Kuorbalferiening KV Lintjo út Aldeberkeap hat gelokkich in soad frijwilligers, mar se soene der dochs noch wol mear brûke kinne.