Polowedstriid yn Riis giet ek net troch

By de opbou wie it al wiet © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Neidat earder dizze wike de festiviteiten ôfsein waarden, is no ek de polowedstriid yn Riis fan it kommende wykein skrast. It terrein is te wiet en dêrmei te gefaarlik om in wedstriid mei hynders op te spyljen. En ek foar de kommende dagen wurde noch buien ferwachte.
De horse fair, mei moadeshow's, diskes en foodtrucks wie al skrast. Op sneon en snein waarden oars tusken de 3000 en 4000 minsken ferwachte. Dat alles no net trochgiet, betsjut foar de organisaasje net allinnich in sportive teloarstelling, mar ek in djoerenien.