Waadeilannen jouwe jild oan troffen Karibyske eilannen

14 sep 2017 - 17:49

De Waadeilannen jouwe 10.000 euro oan de troch de orkaan Irma troffen eilannen Sint Maarten, Sint Eustatius en Saba. De ynwenners fan de Waadeilannen libje bot mei mei de ynwenners op de troffen eilannen. Se binne dêrom ferskate inisjativen opstarten. De kolleezjes fan b. en w. hawwe besletten om dêrom 10.000 euro beskikber te stellen foar needhelp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)