De winst fan de stoarm fan 2013

Ofrûne woansdei waaide der in swiere stoarm oer Fryslân, mar fjouwer jier lyn, op 28 oktober 2013, gie it noch folle mâler. By dy hjerststoarm waaiden tûzenen beammen yn Fryslân om. Dêrnei betocht in groepke keunstners it projekt 'Stormhout'. Fan de gemeente Ljouwert en de gemeente it Bilt krigen se in tal fan dy omwaaide beammen, mei as doel der wat moais fan te meitsjen. Sa kaam it hout net yn de fersnipperaar of yn de kachel, mar krigen de beammen in twadde libben.
De inisjatyfnimmers fan Stormhout binne Erik Heere, Ineke van der Blom, Sibe Jan Kramer en Martijn van Houten. Se hawwe ferskillende beammen krigen: in plataan, in bjirk, in goud-esk en in iik. De ûntwerpers meitsje allegearre har eigen keunstwurken fan it hout. Mar ek mei har fjouweren meitsje se in wurkstik: in tafel, as in kado foar de mienskip. Dit spesjale ûntwerp wurdt de nije troutafel yn de trouseal fan de gemeente Ljouwert.
Dizze troutafel, en alle oare Stormhout-wurkstikken fan de keunstners, binne fan nije wike ôf te besjen yn it Atrium fan it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. De eksposysje wurdt op 22 septimber om 16.00 oere middeis iepene troch Pyt Paulusma. Nei de eksposysje krijt de troutafel syn plak yn de trouseal fan Ljouwert.