It Lindefestival yn Wolvegea giet definityf troch

14 sep 2017 - 14:45

It Lindefestival yn Wolvegea dat oer oardel wike hâlden wurdt, giet troch. It festival wurdt foar in part hâlden op it Sintrumplein, dêr't it âlde gemeentehûs stiet. Dit gebou is tiisdeitejûn ôfbrând, wêrtroch der fraachtekens wiene oer it eventueel wol as net trochgean fan it festival. De organisaasje lit no witte dat it Lindefestival definityf trochgiet. Der wurdt in alternatyf plak socht foar de aktiviteiten dy't oars op it Sintrumplein hâlden wurde soene. De organisaasje sil hjiroer yn petear mei de gemeente.
 

Trefwurden: 
Lindefestival Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)