Kettingseagedieven oppakt nei ynfal yn Ljouwert

14 sep 2017 - 13:44

De plysje hat woansdei yn Ljouwert twa minsken oanhâlden foar it stellen fan twa kettingseagen. It giet om in 39-jierrige man en in 26-jierrige Ljouwerter. It twatal waard woansdei by in ynfal yn in wenning yn de wyk Cammingabuorren oppakt. De kettingseagen wienen woansdeimiddei ûnder de hjerststoarm stellen yn de Speelmanstrjitte. In bedriuw wie dêr dwaande mei it previntyf kappen fan in beam, doe't nei ôfrin bliken die dat de seagen ferdwûn wienen.

Op basis fan kamerabylden koe de identiteit fan ien fan de fertochten fêststeld wurde. Mei tastimming fan de Offisier fan Justysje waard dêrnei syn wenning binnenfallen. De fertochte waard oanhâlden, en ek de 26-jierrige man moast mei nei it buro. De twa sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. De kettingseagen binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert kettingseage
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)