Poepjes: "Noch hieltyd ien provinsjale Dichter fan Fryslân"

Deputearre Sietske Poepjes is net fan doel om de ferkiezing foar Dichter fan Fryslân te skrassen. Dat wol it dichterskollektyf DichterS fan Fryslân graach. Poepjes fynt it dichterskollektyf in geweldich goed plan, mar tinkt dat it kollektyf en de ferkiezing prima njonken inoar bestean kinne. Dêrneist is it te let om de ferkiezing ôf te blazen. "It dichterskollektyf is in prima oanfolling op it mêd fan dichtsje en poëzy. Mar wy kieze noch wol hieltyd ien provinsjale Dichter fan Fryslân."
DichterS fan Fryslân is it net iens mei de proseduere foar de ferkiezing fan ien provinsjale Dichter fan Fryslân. Sa fine se de sjuery net geskikt en fernuverje se harren deroer dat de provinsje op syk is nei in amateurdichter. Poepjes hat tasein dat de provinsje it dichterskollektyf stypje sil mei jild, help en omtinken yn 2018.