Wolvegeaster (16) oppakt foar mishanneling fan fytster

14 sep 2017 - 13:27

In 16-jierrige ynwenner fan Wolvegea is oppakt omdat er yn Zwolle in frou fan 20 jier mishannele ha soe. Dat soe er dien ha mei twa jonges fan 14 en 15 jier út Zwolle. It slachtoffer fytste yn har wenplak troch in tunnel doe't se oanfallen waard troch de trije jonges. Dy skopten en sloegen har, wylst ien fan de fertochten alles filme mei syn mobile telefoan.

De plysje koe de jonges efkes letter oppakke. Se sitte fêst en wurde heard. De frou is behannele oan har ferwûningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)