Hearrenfean wol minsken mei bystânsútkearing oan baan helpe

14 sep 2017 - 13:23

Minsken mei in bystânsútkearing oan in baan helpe. Dat is it doel fan in gearwurkingsoerienkomst dy't tongersdeitemoarn tekene is troch de direkteur fan Sportclub Hearrenfean, Luuc Eisenga, en wethâlder Cobi van der Laan fan de gemeente Hearrenfean. Foarearst wurdt úteinset mei in groep fan tolve minsken, mar op termyn wurde dat der tritich.

Neffens Eisenga is it logysk dat SC Hearrenfean oan it projekt meidocht. De klup is mear as in fuotbalklup allinnich en hat ek in grutte betsjutting yn de mienskip. Boppedat binne der sa'n sânhûndert bedriuwen oan de klup ferbûn. Dat netwurk kin brûkt wurde om minsken oan in baan te helpen.

Van der Laan is bliid mei de oerienkomst mei SC Hearrenfean, dy't past yn in breder programma om minsken mei in bystânsútkearing wer oan in baan te helpen. Der wurdt ek al gearwurke mei bygelyks Steatsboskbehear en Caparis, en mei sukses fertelt Van der Laan.

De dielnimmers krije by SC Hearrenfean alderhande stipe. Under oaren gean se oan it wurk mei eco-coach Tjalling van den Berg, dogge se oan sport en wurde se holpen by sollisitaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)