Rossi yn de spits tsjin Go Ahead Eagles, Peersman ek werom

14 sep 2017 - 12:58

Karim Rossi krijt freed by SC Cambuur yn de spits de foarkar boppe Martijn Barto. Ferline wike ûntbruts Barto troch in blessuere, mar no moat er tsjin Go Ahead Eagles op 'e bank begjinne. Marvin Peersman keart werom fan in skorsing en nimt syn plak yn de ferdigening wer yn. Xander Houtkoop skoot troch nei it middenfjild en ferfangt de skorste Mathias Schils. "We zijn nog aan het puzzelen voor de ideale bezetting", fertelt trainer Marinus Dijkhuizen.

Hy sjocht dat hieltyd mear spilers fit wurde: "De selectie staat er goed op." Neffens de trainer fan de Ljouwerters lizze der kânsen tsjin de Eagles. Dy degradearren ferline seizoen út 'e Earedifyzje en hawwe no noch mar trije punten út fjouwer wedstriden. Dijkhuizen: "Ze geven verdedigend behoorlijk wat weg. Het is heel wisselend en de druk staat er wel op bij hen."

Jordy van Deelen sit tsjin Go Ahead Eagles foar it earst wer by de wedstriidseleksje. Yn de play-offs ferline seizoen tsjin MVV Maastricht rekke Van Deelen blessearre oan syn ankel. Doe't hy oan it begjin fan it seizoen wer  úteinsette soe, kaam der in skuorke yn syn boppeskonk by. Van Deelen is bliid dat hy der no lang om let wer by is.  Dat is posityf. "Hopelijk heb ik nu alles gehad en kan ik me weer op voetballen richten."  Tsjin Go Ahead Eagles moat hy noch plaknimme op de bank, mar as it oan Van Deelen leit sil it net lang mear duorje foar't hy echt werom is:  "Ik hoop dat ik in de komende weken weer in de basis terecht kom!"
 
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)