D66 wol fergees WiFi-netwurk yn Eaststellingwerf

14 sep 2017 - 12:18

De fraksje fan D66 yn Eaststellingwerf wol dat it kolleezje oan de slach giet mei in fergees WiFi-netwurk yn lytse doarpen en op it plattelân. Doel is de doarpen oantreklik te hâlden en krimp en leechstân tsjin te gean. De Europeeske Unie makke earder dizze wike jild frij foar fergees iepenbier ynternet, en dat is neffens D66 in goeie reden om der efteroan te gean.

Foar elke oanfraach is 20.000 euro oan subsydzje beskikber. Wethâlder Sierd de Boer fan Eaststellingwerf hat al tasein kontakt op te nimmen mei de ferantwurdlik deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)